Nijkleaster wol ferhúzje nei boerepleats bûten Jorwert

31 aug 2017 - 15:32

De stifting Nijkleaster wol tichtby Jorwert in boerepleats oankeapje om dêr in kleaster yn te fêstigjen.De pleats leit midden yn de greiden tusken Jorwert, Hilaard en Bears. It is de bedoeling dat der tolve minsken komme te wenjen. En der komme ek tolve gastekeamers.

De protestantske stifting Nijkleaster wol al lang in echt kleaster ha en der is ek lang socht nei in gaadlik plak dêrfoar. Dat wurdt no dizze boerepleats. Op dat plak soe yn de trettjinde iuw in frouljuskleaster stien ha.

De sinteraasje foar it nije kleaster is noch net rûn, dêr wurdt noch oan wurke.

Trefwurden: 
Jorwert Nijkleaster
(advertinsje)
(advertinsje)