Kevin van Kippersluis foar twa seizoenen nei SC Cambuur

Kevin van Kippersluis wie wichtich foar SC Cambuur © awfoto.nl
FC Volendam spiler Kevin van Kippersluis komt nei Cambuur. Hy tekenet in kontrakt foar twa seizoenen, mei in opsje op noch in seizoen. Neffens technysk direkteur Gerald van den Belt is it in spiler dy't him yn de Jupiler League bewiisd hat en dy't noch fierder groeie kin.
Van Kippersluis is in linkspoat dy't op meardere oanfallende posysjes ynsetber is. Kevin van Kippersluis siet op de jeugdoplieding fan Ajax en FC Utrecht. Yn jannewaris 2014 makke hy syn debút yn it betelle fuotbal foar Excelsior. Yn de simmer fan dat jier ferhuze hy nei FC Volendam. It lêste seizoen skoarde hy trettjin kear.