FIDEO: It iepenloftspul fan Jorwert set útein

02 sep 2017 - 07:23

Hjoed fynt yn Jorwert de premjêre fan it multymediaal iepenloftspul 'It wûnderlike foarfal mei de hûn' plak. Rûnom yn de Notaristún steane projeksjeskermen wêryn't it publyk mei fideobylden meinommen wurdt yn de wrâld en yn de holle fan de haadpersoan. It wûnderlike foarfal mei de hûn is de Jorwerter bewurking fan it boek 'Het wonderlijke voorval met de hond in de nacht' fan Mark Haddon.

It ferhaal giet oer in jonge fan 15. Hy hat it syndroom fan Asperger, in foarm fan autisme. De jonge wit alle lannen fan de wrâld mei harren haadstêden en alle prymgetallen oant 7507 út ’e holle. Mar mei grapkes wit er him gjin rie. Nea komt er allinne de strjitte út, mar as de hûn fan de buorfrou fermoarde wurdt, wol er de wrâld yn. It publyk giet mei op syn reis, op syk nei de moardner fan de hûn en mei yn alles wat er ûnderweis belibbet. Klik hjir foar mear ynformaasje en de spyldata fan it iepenloftspul fan Jorwert, it wûnderlike foarfal mei de hûn.

Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.

(advertinsje)
(advertinsje)