Seldsume bibel mei goudbeslach nei Museum Martena

31 aug 2017 - 14:34

De Ottema-Kingmastifting hat in achttjinde-iuwske bibel mei seldsum lúksueus goudbeslach oankocht. De bibel wie ea it eigendom fan Suffridus Westerhuis, dy't begjin 18e iuw yn it Martenahûs yn Frjentsjer wenne. Normaal waard bibelbeslach fan sulver makke. Dit gouden eksimplaar is neffens de Ottema-Kingmastifting ien fan de seldsumste foarbylden fan Frysk goudbeslach. It beslach is makke troch de Ljouwerter edelsmid Jacobus Jongsma. Museum Martena yn Frjentsjer krijt de bibel yn brûklien.

De Ottema-Kingmastifting waard yn 1955 oprjochte troch notaris Nanne Ottema en syn frou Grietje Kingma en hat as doel om de keunst- en kultueredukaasje yn Fryslân te befoarderjen. De stifting keapet objekten en samlingen oan dy't yn brûklien jûn wurde oan bygelyks musea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)