Noppert seit baan op en rjochtet him op dartkarriêre

Danny Noppert (argyffoto) © Omrop Fryslân, Mats Gies
Darter Danny Noppert sil him fan novimber ôf folslein rjochtsje op syn dartkarriêre. De Jouster wurket no as heftrucksjauffeur, mar hat by syn baas oanjûn dat hy dêr ophâldt. Noppert helle ferline jier de finale fan it wrâldkampioenskip fan it dartbûn BDO op it toernoai op de Lakeside.
De kâns sit der yn dat hy him ek oanslute sil by it management fan ferneamde darters as Michael van Gerwen. Mooglik makket hy dan ek de oerstap nei de PDC, it bûn fan darters as Van Gerwen, Phil Taylor en Raymond van Barneveld, mar dat is noch net wis. "Dat hinget noch fan in soad saken ôf. Ik spylje hoe dan ek it WK noch by de BDO en dêrnei sjogge we fierder. Dêr wurkje ik no earst nei ta." It WK is begjin jannewaris.