Tytsjerksteradiel kiest opfolger wethâlder Rijpstra

It nijsfoarum mei Hendrik Terpstra, Houkje Rijpstra en Renze Lolkema © Gemeente Tytsjerksteradiel
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel kiest kommende moandeitejûn in nije wethâlder. It giet om de opfolger fan PvdA'er Houkje Rijpstra, dy't direkteur wurden is fan de Vereniging Circulair Friesland. De PvdA hat Ellen Bruins Slot foardroegen as opfolger, mar oare partijen hawwe ek noch de kâns mei in kandidaat te kommen. It kiezen fan de nije wethâlder wurdt dien yn in ekstra riedsgearkomste, dêr't ek ôfskied yn nommen wurdt fan Rijpstra.