Jelle Hannema beneamd ta nije direksjefoarsitter Vitens

31 aug 2017 - 13:24
Foto: Omrop Fryslân

Oandielhâlders fan wetterbedriuw Vitens hawwe de 55-jierrige Jelle Hannema beneamd ta direksjefoarsitter. Hy sil freed 1 septimber los yn syn nije funksje. Hannema folget Lieve Declercq op, dy't nei fiif jier it wetterbedriuw ferlit. Deputearre De Rouwe is út namme fan de oandielhâlders tige wiis mei de beneaming fan Hannema. Neffens him is it in man mei fisy en kunde fan de drinkwettersektor.

Hannema hat ûnder oare rjochten en juridyske bestjoerskunde studearre. Hy hat wurke by yngenieursbedriuw DHV, en wie fanút dy funksje ûnder oare belutsen by de weropbou fan de wyk yn Enschede dy't slim troffen wie troch de fjoerwurkramp. Hannema wurket sûnt 2014 by Vitens as Manager Asset Management.

(Advertinsje)
(Advertinsje)