Twa jongeren oanhâlden om brân muzykgebou OpMaat yn Berltsum

31 aug 2017 - 13:10

De plysje hat twa jongeren oanhâlden foar de brân yn it ferieningsgebou fan muzykferiening OpMaat yn Berltsum. It giet om in 15-jierrich famke út de gemeente Frjentsjerteradiel en in 15-jierrige jonge út Menameradiel. Yn it útbaarnde gebou stiene in soad ynstruminten en de kasten leine fol muzykstikken. Dy binne ferlern gien. Ek fan alle prizen, findels en in part fan de klean is net folle mear oer.

De beide fertochten binne heard troch de plysje en hawwe in bekentenis ôflein. Se binne hjirnei wer frijlitten. Der wurdt proses-ferbaal tsjin harren opmakke. It Iepenbier Ministearje moat no sjen oft de bern ek ferfolge wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)