UPDATE: Grut alarm om brân yn boatekompleks Jirnsum

31 aug 2017 - 12:32

De brân yn it boatekompleks oan de Wjitteringswei yn Jirnsum is foar in grut part blust. In oare brân yn in boathûs wurdt op dit stuit noch bestriden troch de brânwacht. Yn it boatekompleks bruts efkes nei tolve oere brân út. Al gau gie it om in útslaande brân, dy't opskaald waard nei grutte brân om't der boppe it boatekompleks rekreaasjewenningen sitte. By de brân komt in soad reek frij.

De brânwacht is mei meardere weinen en boaten oanwêzich om it fjoer te blussen. Der wiene gjin minsken yn de wenningen oanwêzich. It is noch ûnbekend hoe't de brân ûntstien is.

"Wij hebben flink opgeschaald omdat er een groot risico bestond dat de brand over zou slaan naar de woningen boven de boothuizen en wij niet wisten of daar mensen in aanwezig waren. Dit is gelukkig niet gebeurd", seit Ingrid Weert fan de brânwacht Fryslân.

Trefwurden: 
Jirnsum brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)