Soarchsintrum LindeStede yn Wolvegea krijt 'beleeftún'

31 aug 2017 - 12:02

Bewenners fan soarchsintrum LindeStede yn Wolvegea hawwe in moai foarútsjoch. Ynkoarten kinne se nammentlik genietsje fan in grut tal blommen en planten. Troch in donaasje fan 2.500 euro kin der in 'beleeftuin' oanlein wurde by it soarchsintrum. De tún krijt ferhege plantebakken, sadat de bewenners steand of fanút in rolstoel de blommen sjen, rûke en oanreitsje kinne.

Yn de oan te lizzen tún moatte paden en bankjes komme. Ek wurdt der romte makke foar in pluktún en in bewegingstún. 

(advertinsje)
(advertinsje)