Akwadukt Drachtsterwei Ljouwert no ek iepen foar fytsers

31 aug 2017 - 11:30

Auto's ride al sûnt in pear wike troch it nije akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert, mar tongersdeitemoarn koene foar it earst ek de fytsers der del. En dêrmei is it M.C. Escherakwadukt offisjeel iepene. It hat in drege put west. De grûn ûnder it Van Harinxmakanaal wie in stik hurder as ferwachte, wêrtroch it mei-inoar in jier langer duorre om it akwadukt oan te lizzen.

Mei sa'n 40 miljoen euro, wie it ek net in goedkeape put. De belutsenen hawwe der hast sliepeleaze nachten fan hân, mar binne no wol tige wiis mei it einresultaat. De provinsje moast úteinlik behoarlik ta de bûse. De kosten foar harren wiene goed 8 miljoen euro heger as earst tocht.

Deputearre Sietske Poepjes hat der gjin spyt fan dat dy 8 miljoen troch de provinsje betelle binne. Oars wie der mooglik in slepende rjochtsaak achterwei kaam en hiene de omwenners noch langer njonken in bouput sitte moatten.

(advertinsje)
(advertinsje)