FrieslandCampina boekt hegere winst en omset

31 aug 2017 - 11:17
It haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort - Foto: ANP

FrieslandCampina hat in goed healjier achter de rêch. De winst gie mei 1,3 prosint omheech nei 162 miljoen euro. Ek de netto-omset gie omheech, mei yn totaal 10,7 prosint nei 6,1 miljard euro. De omset is omheech gien troch de stiging fan de ferkeapprizen en de oankeap fan Engro Foods yn Pakistan.

Ek de molkepriis hat him nei in tal mindere jierren wer wersteld. De leden krije no 38,37 euro foar 100 kilo molke. Dit komt benammen troch hegere ferkeapprizen foar benammen bûter en tsiis, yn West-Europa. Yn Yndonezië en Fjetnam docht it bedriuw it ek goed op it mêd fan tsiis en bûter. Yn Dútslân, de Filipinen en Nigeria giet it krekt wer wat minder. Dit komt troch negative faluta en omstannichheden op de lokale merk.

Trefwurden: 
FrieslandCampina winst omset
(Advertinsje)
(Advertinsje)