Wurk oan sportkompleks Twizel úteinset

Yn Twizel is úteinset mei de wurksumheden oan it sportkompleks. Sa wurde der op it stuit twa keunstgersfjilden oanlein. Oer tsien wiken moatte hjir de kuorbal- en fuotbalklup út it doarp wer wedstriden spylje. De âlde fjilden yn Twizel foldiene net mear oan de easken en troch de minne steat moasten regelmjittich wedstriden ôfsein wurde.
De oanpak fan it sportkompleks betsjut ek dat der wenningbou ûntwikkele wurde kin. Dat bart op it plak fan it âlde kuorbalfjild. Boppedat wurde de parkearproblemen oan de Mounewei yn de nije situaasje oanpakt. Troch it fjild 30 meter op te skowen, komt der romte frij foar ekstra parkearplakken.