Ferwûne pikeur Posthumus út sikehûs ûntslein

31 aug 2017 - 09:50
Beide pikeurs rekken ferwûne - Foto: Twitter, Bé Hagenauw

De Fryske pikeur Gretha Posthumus út Oerterp, dy't woansdei ferwûne rekke by de hurddraverij yn De Like, is ûntslein út it sikehûs. Dat meldt RTV Noord. Posthumus en in oare pikeur kamen mei harren sulkys yn in bocht mei-inoar yn botsing. Troch de rein wie de baan glêd.

Neffens foarsitter Harrie van der Heide fan de organisaasje fan it evenemint makket Posthumus it nei omstannichheden goed. Ek de oare pikeur mocht it sikehûs ferlitte. It evenemint waard nei it ûngelok staakt. De hynders mankearren neat.

(advertinsje)
(advertinsje)