Deade man fûn op it strân fan It Amelân

31 aug 2017 - 09:45
Foto: ANP XTRA

Op it strân by Hollum op it Amelân is tongersdeitemoarn betiid it stoflik omskot fan in man fûn. De melding kaam om acht oere hinne binnen by de plysje. Dy hat fuortendaliks sjoen oft it mooglik giet om in fermist persoan, mar dat liket op dit stuit net it gefal te wêzen. De plysje hat ek gjin oanwizingen dat it om in misdriuw giet.

De deade man is yntusken oerbrocht nei in mortuarium foar fierder ûndersyk nei de deadsoarsaak. It strân is wer frijjûn.

Trefwurden: 
It Amelân deade
(advertinsje)
(advertinsje)