Ynbrekkers aktyf by tankstasjon en wenning yn Goutum

31 aug 2017 - 08:39
Foto: Omrop Fryslân

Yn Goutum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa kear besocht yn te brekken. Yn it begjin fan de nacht hawwe ûnbekenden besocht by it tankstasjon oan de Overijsselseweg binnen te kommen. Se hawwe hjirby in bile of swiere hammer brûkt om de doar yn te slaan. It alarm gie hjirop ôf. De fertochten binne net mear oantroffen. It is net dúdlik oft se ek wat meinaam hawwe.

Letter yn de nacht wie it raak by in wenning oan de Wetterkrite. Buorlju hearden glêsgerinkel en warskôgen de plysje. De fertochten binne fuortriden op twa scooters, en de plysje koe se net mear achterhelje. Ek hjir is net dúdlik oft de dieders wat meinaam hawwe.

Trefwurden: 
ynbrekkers Goutum
(Advertinsje)
(Advertinsje)