Kollum: "Harinxma"

31 aug 2017 - 08:32

"Ofrûne wykein wie ik by de pleats dêr’t ik opgroeid bin, oan de Ivige Leane, yn Loaiïngea. Net elkenien sil dit witte, mar Loaiïngea is in 'gehucht' boppe Snits. It heart by de gemeente Snits, ik bedoel fansels Súdwest-Fryslân. In pear pleatsen en in klokkestoel, mear is it net. No ja, sûnt it by Snits heart, ik bedoel fansels Súdwest-Fryslân, is it wat grutter wurden. It is no mear in strook boppe Snits. Mar dat sil wol net sa lang mear duorje. Loaiïngea wurdt opfretten troch Snits.

De pleats en it lân binne al jierren lyn opkocht. Doe’t ik in lyts mantsje wie ha ik ús heit ris frege wannear’t de pleats ophâldt. As der beammen op it lân groeie, sei ús heit, en ik tink dat er dat foaral sei om der fan ôf te wêzen.

Mar der groeie no beammen op it lân. Ik rûn even nei achteren, oer it betonpaad dêr’t ik sa faak mei de trekker oer gien bin. Nei it lân, dat yn myn herinnering folle grutter wie, mar dêr’t de natuer no frij spul hat.

Frjemde fûgels seach ik. Houtdowen. Dy hiene we foarhinne net, mar se sitte no yn de boskjes. Binne de greppels der noch? Ach nee, fansels net, dy ha wy noch ticht riden. Drainaazje, och heden, wat sit der wat plestik yn de Fryske grûn, fan dy buiskes.

Wat ha de Jellema’s in wurk hân fan en op dit lân. It drûch hâlde, it grien hâlde, stek sette, stekjes wer ophelje, fee der op, jarre der op, meane, skodzje, kúlje, en hoefolle liters molke binne der wol net produsearre mei gers fan dit lân. En net allinnich de Jellema’s. Ek de Skaap’s, en de Huitema’s, en neam de buorlju mar op.

Harinxmalân, sa sil de wyk hite. Der is in útgebreide Nederlânstalige webside oer, wat se neame,‘deze cultuurhistorische velden, waar de oeroude Friese cultuur levendig aanwezig is.’ Jawis. En dan in listje mei ‘tags’: ‘comfortabel, duurzaam, groen, karakteristiek, natuur, paradijs, Sneek’.

Harinxma. Noch nea fan heard dêr, yn myn hiele libben. Wikipedia wit mear: der wie in state, Harinxmastate. De state komt foar yn in boek út 1470. Der stiet yn it lemma ferskillende kearen dat der oer de lokaasje fan de state noch wat ûndúdlikens is.

It lemma is skreaun troch Svenski, in studint, út Snits. Is ek it ‘Portaal Súdwest-Fryslân’ begûn, om ‘artikelen over deze grootste gemeente van Nederland een prominentere en meer overzichtelijke plaats te bieden’. Ja ja.

Ik snap net wêrom de wyk op de grûn fan myn jeugd ferneamd wurde moat nei in state fan sa’n 600 jier lyn. Dy’t oan de oare kant fan it spoar stien hat. As er dêr al stien hat. Om’t it sjyk stiet, sa’n state? En dy x yn Harinxma? Is der net al genôch nei de Van Harinxmaatsjes ferneamd ûnderwilens?

Hiene se it in Skaaplân, Huitemalân of Jellemalân neamd, dan hiene nije bewenners de âlde Huitema, Skaap en Jellema nochris opsykje kind. Dy ha der aardich wat wurk fan hân, om it der útsjen te litten sa't it der no by leit. Der binne sels noch wat foto’s, fan hynders en de earste trekkerkes. Sels ik kin wol wat oer dit lân fertelle. Dy ‘oeroude Friese cultuur’ is sa pas ‘echt levendig aanwezig’.

Der binne noch sa’n 38 Van Harinxma Thoe Slooten’s yn Nederlân, seit it Meertens Instituut. En dêrfan wennet der yn Súdwest-Fryslân net ien. Lit stean Snits.

Ach, dat meunster dat Snits hjit. It sil allegearre wol. Der groeie yn Harinxmalân ek wer bern op dy’t ferhalefertellers wurde, miskien wol foar de Omrop. En dan komt it wol. Mar fan ien ding moat Snits al ôf bliuwe. De Ivige Leane yn ‘Harinxmaland’ hat de moaiste strjitnamme fan Fryslân, dy moat al Ivige Leane bliuwe."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)