Friezinne yn Houston: "Wetternivo sakket noch net"

31 aug 2017 - 07:36

De orkaan Harvey yn Texas liket ôf te swakjen, mar de problemen mei de wetteroerlêst yn Houston binne noch hieltyd grut. Neffens Ineke Haase-Bijlsma, dy't oarspronklik fan Gytsjerk komt mar no mei har man tichteby Houston wennet, is it wetter noch net oan it sakjen. Se hat útrekkene dat per sekonde kwa ynhâld de folsleine Maas leechrint yn de Amerikaanske stêd.

Oerstreaming

"Yn fjouwer dagen is der 1.30 meter reinwetter fallen en de reservoirs streame oer. Der binne in hiel soad huzen dy't no pas ûnder wetter komme te stean." It gebiet dêr't it om giet is grutter as Fryslân en der steane tûzenen huzen.

Helpferliening

Harvey hat oant no ta 31 deadlike slachtoffers makke, mar der binne ek 13.000 minsken rêden, sa seit Ineke Haase-Bijlsma. De helpferliening komt fan alle kanten. "De minsken wurde goed fersoarge, mar se binne wol alles kwyt. Ik wenje yn Katy, ûngefear like grut as Ljouwert, en elkenien helpt elkoar. Dat is hiel fantastysk."

Skimmel

Neffens de Friezinne duorret it noch wol oant 21 septimber dat it wetternivo fan de reservoirs by Houston wer normaal is. Mar ek dan binne de problemen noch net foarby. "As je ien kear in oerstreaming yn je hûs ha en mei de fochtige lucht hjir derby, dan sit der binnen fjouwer of fiif dagen skimmel op en dat is in grut gefaar foar de sûnens."

Trefwurden: 
orkaan Harvey Amearika
(advertinsje)
(advertinsje)