Muzykkorps OpMaat blaast toch mei yn optocht Berltsum

30 aug 2017 - 22:31

By it doarpsfeest yn Berltsum hat muzykferiening OpMaat woansdeitejûn toch goed fan har hearre litte kinnen. De feriening waard yn july troffen troch in grutte brân, dêrby gie it muzykgebou en alle materiaal ferlern. Ek de komplete muzykbiblioteek gie yn flammen op.

De leden lieten it der lykwols net by sitte, en rûnen woansdeitejûn al muzyk meitsjend mei yn in optocht troch it doarp. Dat diene se mei ynstruminten fan de muzykferiening fan Sint-Nyk, dy't noch allegear ynstruminten op souder lizzen hie. Ein septimber wurdt der yn it doarp in spesjale benefytjûn organisearre foar OpMaat.

Trefwurden: 
OpMaat Berltsum optocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)