Twa auto's yn de prak by botsing op A7 by Terwispel

30 aug 2017 - 21:56
Ien fan de beide auto's dy't total-loss rekken - Foto: Srfotografie

By in ûngelok op de A7 by Terwispel yn de rjochting fan Drachten binne woansdeitejûn twa auto's op elkoar botst. Beide auto's rekken dêrby total-loss en der rekke ien persoan ferwûne. De A7 waard by Terwispel tydlik ôfsletten om de helpferliening de romte te jaan.

Oer de oarsaak fan it ûngelok is fierder noch neat bekend, dat wurdt noch ûndersocht troch de plysje.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Terwispel
(Advertinsje)
(Advertinsje)