Into The Great Wide Open hat gjin lêst fan it reinwetter

30 aug 2017 - 21:40
Into the Great Wide Open 2017 begjint tongersdei (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It hat woansdei ek op Flylân de hiele dei flink reind, mar neffens Steatsboskbehear komt it festival Into The Great Wide Open (ITGWO) dat tongersdei begjint, net yn gefaar. Boskwachter Anke Bruin fan Steatsboskbehear: "Wij hebben geen last van de regen bij de opbouw van het festival. Het is hier heel lang droog geweest, dus de natuur is er blij mee."

De lêste tariedings binne noch yn folle gong en Steatsboskbehear en de organisaasje fan ITGWO hâlde de natuer goed yn de gaten. "Wij zitten er bovenop en controleren alles goed." De boskwachters fan Steatsboskbehear sjogge tige út nei it festival, dat tongersdei úteinset en oant en mei snein duorret: "Ik heb er heel veel zin in, en mijn collega's ook!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)