Pikeur út Oerterp ferwûne by hurddraverij yn De Like

30 aug 2017 - 20:40
Beide pikeurs rekken ferwûne - Foto: Twitter, Bé Hagenauw

By de hurddraverij yn De Like is woansdeitemiddei de Fryske pikeur Gretha Posthumus út Oerterp ferwûne rekke. Dat meldt RTV Noord. Troch de rein wie de baan glêd en dêrtroch kamen yn in bocht de sulky's fan Posthumus en in oare pikeur mei-elkoar yn botsing.

Beide hynders draafden fierder sûnder pikeur en ien fan de hynders botste ferfolgens op in stek dat de EHBO foar de pikeurs delset hie. It evenemint waard nei it ûngelok staakt. Beide pikeurs binne mei noch ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De hynders mankearren neat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)