Ynjebetinking by fernijd Wachtermonumint yn Ljouwert

30 aug 2017 - 20:25

Yn it Rengerspark yn Ljouwert is woansdeitejûn foar de 25e kear in betinking hâlden foar Fryske militêren dy't yn Nederlânsk Ynje tsjinne hawwe. Dat koe by it herstelde monumint 'De Wachter', dat by de foarige betinking yn stikken lei. Bysûnder wie dat der dizze kear ek KNIL-militêren oanwêzich wiene.

Foarsitter Gerard van Klaveren fan de Stichting Indië-Monument Friesland neamde yn syn taspraak it ûndersyk dat dien wurde sil nei de perioade nei de oarloch yn Nederlânsk Ynje. Hy spruts dêrby út dat hy hopet dat der net nei dy tiid sjoen wurde sil mei de bril fan hjoed, mar mei de blik fan doe. Neffens him moat de einferantwurdlikheid fan it hanneljen by de polityk lizze en net by de âld-Ynjegongers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)