Hessel: "Natuerbeskermingsregels pakke ferkeard út"

It wurdt heech tiid dat natoerbeskermingsorganisaasjes each krije foar de minsken dy't yn dy natoer libje. Dat seit Hessel van der Kooij fan Skylge. Der komme hieltyd mear ferboaden en geboaden, seit er, sa mei der amper noch fiske wurde, en mei men net mear by seehûnen yn de buert komme. Dêrtroch ferdwynt it draachflak foar natoerbeskermingsorganisaasjes. In berjocht dat er dêroer op facebook skreaun hat, hat al mear as 100 reaksjes opsmiten.