Sloeperûte troch it Bûtenfjild pleage troch slûsmaleur

De nije rûte foar elektryske sloepen troch it Bûtenfjild by Feanwâlden kin wer net brûkt wurde, omdat de slûs wer stikken is. De rûte waard begjin juny feestlik iepene, mar wurdt sûnt dy tiid pleage troch in defekt fan de Wâlsterslûs. De oarsaak is nei alle gedachten fernieling, al soe it ek kinne dat boatsjefarders de slûs ferkeard betsjinne hawwe. Sy moatte sels oan in grut tsjil draaie om it wetter út de slûs rinne te litten. De provinsje hat sels noch in boerd pleatst mei ynstrukjes.
De earste kear dat it misgong mei de slûs wie ein july. Doe waard in needfoarsjenning troffen, mar ek dy is no fernield. It duorret noch in wike foardat de slûs wer brûkt wurde kin. Doel is wol dat de slûs nei dy reparaasje minder kwetsber is.