Nicolai Naess tekenet foar twa seizoenen by SC Hearrenfean

30 aug 2017 - 17:03

Sportklup Hearrenfean hat der fersterking by op it middenfjild. De Noar Nicolai Naess hat in kontrakt foar twa seizoenen tekene by de Feansters, mei de opsje foar noch in jier. De 24-jierrige Naess komt oer fan Columbus Crew yn Ohio, Amearika. Earder spile er by Valerenga en Stabæk Fotball. Njonken it middenfjild, kin Naess ek goed út 'e fuotten yn de ferdigening. Hy is nei Martin Ødegaard en Morten Thorsby de tredde Noar yn de seleksje fan Hearrenfean.


Technysk manager Gerry Hamstra is bliid mei de komst van Naess: "We volgen Nicolai al een hele periode en we zijn dan ook blij dat hij onze selectie nu komt versterken. Hoewel hij pas 24 is, heeft Nicolai al behoorlijk wat ervaring. Het is een speler die op meerdere posities op zowel het middenveld als in de verdediging uit de voeten kan."

(advertinsje)
(advertinsje)