Boer De Haule krijt gelyk fan de rjochter en kin útwreidzje

30 aug 2017 - 16:52
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

In melkfeehâlder út De Haule mei fan de Ried fan Steat syn bedriuw útwreidzje nei 129 kij. De boer kocht foar de útwreiding ammoniakrjochten fan in oare boer. Neffens in miljeuklup wie der wat mis mei dy rjochten.

De klup tekene dêrom beswier oan tsjin de fergunning dy't de provinsje ferliende foar de útwreiding. De Ried fan Steat hat dat beswier woansdei lykwols oan de kant skood. Dêrom kin de melkfeehâlder dochs syn bedriuw fergrutsje.

Trefwurden: 
De Haule
(advertinsje)
(advertinsje)