Grêf út 1552 fûn yn de tsjerke fan Driezum

30 aug 2017 - 16:27

Yn de tsjerke fan Driezum is it grêf fan edelman Feije van Goslingha werom fûn. Hy ferstoar yn 1552. Yn de tsjerke wurdt in nije flier lein en dêrby kamen twa grêven foar it ljocht dy't net op papier stienen. Dy fan Van Goslingha en in grêf foar syn soantsje Pieter. En sa is Driezum in edelman riker.

Yn de omkriten fan Driezum stiene ea in hiel soad staten wêrtroch der nochal wat famyljes fan adel ferbûn binne oan it doarp. De grêfstien fan Feije van Goslingha is behoarlik skansearre. It is de bedoeling om de stiennen yn de nije flier wer sichtber te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)