Auto rekket yn de slip yn akwadukt by Toppenhuzen

30 aug 2017 - 16:16
De auto rekke yn it akwadukt yn de slip - Foto: BTBfotografie

Op de A7 is woansdeitemiddei in auto yn de slip rekke, yn it akwadukt by Toppenhuzen. De bestjoerder fan de auto kaam fan de kant fan De Jouwer en ried yn de rjochting fan Snits. Yn it akwadukt rekke hy de kontrôle oer de auto kwyt.

Ferskate helpferlieners waarden oproppen, wêrûnder de plysje en in ambulânse, mar de man hoegde net mei nei it sikehûs. Ien fan de rydbanen hat ofsletten west foar it ferkear. De auto moast fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
akwadukt A7 slip
(advertinsje)
(advertinsje)