Luciano Slagveer giet foar in jier nei FC Twente

30 aug 2017 - 16:07
Luciano Slagveer - Foto: awfoto.nl

Ald-Hearrenfeanspiler Luciano Slagveer ferlit Lokeren alwer en giet werom nei de earedifyzje. Hy wurdt foar ien seizoen hierd troch FC Twente. De oanfaller hat fiif seizoenen fuotballe by SC Hearrenfean en skoarde 22 doelpunten.

Dizze simmer gie hy transferfrij nei Lokeren en tekene dêr in kontrakt foar trije seizoenen. Mar nei in minne start yn de kompetysje hat de trainer dien krigen en is Slagveer op de bank telâne kaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)