Harns fiert fjouwer dagen feest mei de Visserijdagen

Yn Harns is woansdeitemiddei de 58e edysje Visserijdagen offisjeel begongen. Dat barde op it haadpoadium op de Grote Bredeplaats, mei in taspraak fan boargemaster Roel Sluiter. Fierder wiene der optredens fan Sharon Doorson en de Harnzer dûnsgroep Dance-Up. De fiskerijdagen yn Harns duorje oant en mei sneon.
Der jilde strangere feilichheidsmaatregels as oars. Sa meie besikers previntyf fûillearre wurde. Dêr wurde sy mei buorden ek op wiisd. Fierder binne der op ferskate plakken obstakels delsetten, mooglik om foar te kommen dat auto's op it publyk ynride kinne. Neffens de gemeente Harns is it lykwols bedoeld om besikers feilich oerstekke litte te kinnen.