Ryksjild foar 19 Fryske tsjerken: Wurdum krijt 43.000 euro

30 aug 2017 - 15:46

Njoggentjin tsjerken yn Fryslân krije in ûnderhâldssubsydzje fan it ryk. It heechste bedrach giet nei de Sint Martinustsjerke yn Wurdum. Dy krijt goed 43.000 euro. Fierder giet der ûnder oare jild nei tsjerken yn Himmelum, Donkerbroek, Warns en Hylpen.

Alle tsjerken binne in ryksmonumint. Se moatte sels in bedrach ynlizze dat gelyk is oan de subsydzje. It jild is net allinnich bedoeld foar ûnderhâld oan gebouwen, mar ek foar bygelyks it omlizzende tsjerkhôf of de grêft, lykas by de tsjerke fan Nijlân. En Akkrum krijt jild foar it opknappen fan it mausoleum.

Trefwurden: 
rykssubsydzje tsjerken
(Advertinsje)
(Advertinsje)