Haadfertochte sjitpartij Easterwâlde bliuwt fêstsitten

30 aug 2017 - 15:34
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De 58-jierrige haadfertochte fan de deadlike sjitpartij oan de Stegingawei yn Easterwâlde ôfrûne wykein, bliuwt yn elk gefal noch twa wike langer yn de sel. Dat hat de rjochter-kommissaris woansdeitemiddei besletten. Him wurdt moard dan wol deaslach te lêste lein.

De trije oare fertochten yn dizze saak binne frijlitten, sa waard earder woansdei al bekend, mar sy bliuwe wol fertochte. By de sjitpartij kaam in 51-jierrige man om it libben.

Trefwurden: 
sjitpartij Easterwâlde
(Advertinsje)
(Advertinsje)