Superjacht Venus fan Apple-oprjochter Steve Jobs yn Harns

30 aug 2017 - 14:48

In wol hiel bysûndere skip farde ôfrûne tiisdei de haven fan Harns yn: it superjacht Venus fan de stoarne Apple-oprjochter Steve Jobs.

Op it stuit is de boat yn Harns foar ûnderhâld by Damen Shiprepair. It jacht waard foar Jobs ûntwurpen troch Philippe Starck, mar Jobs hat it skip nea sels bestjoere kinnen. Hy stoar yn 2011, foar de oplevering yn 2012 yn Aalsmeer. De widdo fan de Apple-topman, Laurene Powell Jobs, is noch hieltyd de eigener fan it jacht.

Apple-skermen

Venus is 78 meter lang en hat mear as 100 miljoen koste. It skip wurdt bestjoerd troch, hoe kin it ek oars, 27 inch iMacs. De namme fan it superjacht komt út de Romeinske mytology wei: it is ferneamd nei de goadin fan de leafde, Venus.

Op de Facebook side fan Dutch Yachting stiet in filmke fan hoe't it jacht de haven fan Harns ynfart.

(advertinsje)
(advertinsje)