Kollum: "Oare simmer"

"As it sa reint as fan 'e moarn wylst ús eigen bern noch krekt in wike frij ha, mar de rest fan it lân suchtsjend wer nei skoalle giet, is it logysk dat der minder minsken yn Fryslân oernachtsje as wol west hat. Hoewol, siferneukerkes kin yn komkommertiid oeral nijs fan meitsje fansels. Der hoech je eins net iens nei te sjen. Je kin ek gewoan om je hinne sjen en dan wit je dat it in bytsje minder drok like as it foargeand jier. It wie wat minder waar, dat men wie wat minder op ’e lappen. Der wienen wat mear fytsers, en wat minder boatsjes. Allegear wol logysk, foarige jierren moasten en woenen we wat goedkeaper thús bliuwe. Tsjintwurdich kin we goedkeaper nei Turkije as nei Skylge, om't de fleanerij leaver mear minsken as jild ha wol.
Mar it bin fansels hiele lytse ienheden dêr’t we oer prate. Ofsjoen dat ik sa fiif kompjûterjonkjes fine kin, dy’t ta oare en tsjinstelde konklúzjes komme. Ommers bêd en brochje is fansels ek hotelakkommodaasje, faak moaier, faak geselliger. En yn Fryslân stean totaal net iens safolle útfanhuzersbêden, dus as der twa minder binne, jout dat enoarme persintaazjes.
Dat alles lit net wei dat we dat sifer dochs mar brûke moatte om ús ta te rieden op 2018. Want dan moat it ynienen mei 4 miljoen lju omheech. No, dan moat der wat barre. Ik moat sizze, ik hie foar it earst it gefoel dat ik wol wat útsjoen wie op al dy wenstige dingen dy’t ús hjir yn Fryslân fan de iene dei yn de oare bringe. Mar nei fjouwer wike seach ik kommissaris Brok sneon oer de brêge yn De Lemmer strompeljen. It wie dêr smoardrok. Brok kaam fan it steatejacht, mar dat lei yn it Dok te ticht by allegear elkoar oerboard smitende minsken fan winnende skûtsjes en hy wie benaud dat syn pet dan ek wiet wurde soe. Dus hy fottele nei in auto dy’t him wierskynlik nei in útfanhuzersbêd brocht wêrop hy fjouwer dagen bekomme koe fan dizze fjouwer wiken feestfieren. Of nee, evenemint-fieren, dat is it eins. Sûnder flauwe kul: it wie goed dat Brok oeral wie. En de mannichte lju lieten sjen dat we dat evenemint-fieren net los litte moatte. We kin it net iens. Dat moat ús ommers ek de skraachboaiem jaan foar kulturele haadstêdjier 2018.
Want it is fansels te flau foar wurden om je as kulturele haadstêd te toanen op de Ljouwerter UTmerk en te sizzen dat je wat te sizzen ha en dochs neat sizze. Dy nije baas, Van Bekkum, dy soe ommers alles dochs sa gau mooglik fertelle. Mar dat je op dy merk dan net mear sizze as dat je op 3 oktober echt wat sizze sille. In ûnfrysk flau spultsje. Of je kin noch neat sizze om't je net klear binne of de sinten noch net ha, mar sis dat dan. Of je fertelle gewoan wat je fertelle kinne en om my ek wêr’t je mei dwaande binne. Of hâld je stil, mar ferwachtsje dan ek net dat it totaal oan oernachtingen takom jier wer stige sil. Minsken hâlde aanst op te freegjen wannear en wat der barre sil, want se regelje no har fakânsjes, oars bin se te let.
Boppedat, en dat wie wol moai dat soks yn de Ljouwerter stie: de minsken dy’t dêr op de UTmerk nei fregen wiene âld Friezen, âlde Friezen, of se hienen noch in fergetten omke hjir wenjen, of se hienen hjir ea ris west te silen, of se hiene in buorman en dy syn dochter hie alris in optreden hân yn Sibrandabuorren, of …. no jo kin it sa raar net betinke, of der wie in hechte bân mei Fryslân. Wêr hie’k dat ek wer earder heard, wêr kaam ik dat soarte minsken ek hieltyd tsjin. O ja ommers, by Fryslân 2000. In programma fan ússels om de wenstige eveneminten hinne. Dat ferwachtsje de minsken dus no ek sa’n bytsje. Mar dat sil net fan de organisaasje fan kulturele haadstêd komme. Dat moat we sels dwaan. Mar dat komt wol goed hear. Inkel bin ik benijd as Brok sa’n dûbeldrok programma wol oan kin."