Ambulânsen en in oanslach: hoe sit dat krekt

Binne ús ambulânsen eins wol taret op in eventuele oanslach? Fakbûnen FNV en CNB ambulânsesoarch meitsje har hjir soargen oer. Neffens de fakbûnen is der noch hieltyd net in lanlik protokol. Sa soene der noch gjin ôfspraken wêze oer wat der meinaam wurde moat yn in ambulânse, as der in oanslach plege wurdt. Tjerk Hiddes fan it UMCG werkent him net yn de soargen dy't der binne. Neffens him binne der lanlike ôfspraken hoe om te gean mei grutte ynsidinten.