PvdA net selsstannich yn ferkiezingen Weststellingwerf

Foar it earst yn 70 jier docht de PvdA takom jier net mei oan de gemeenteriedsferkiezingen yn Weststellingwerf. De partij docht it lanlik sjoen yn de peilingen sa min, dat de PvdA'ers yn Weststellingwerf dielnimming net sitten sjogge. Sy kieze der foar om mei te dwaan oan in nij inisjatyf: Sociaal Duurzaam Weststellingwerf.
Ek de ienmansfraksjes Weststellingwerf Natuurlijk en Vrijheid voor Allen geane dêr yn op. It programma wurdt progressyf, sosjaal en duorsum, sa sizze de partijen. Sy hoopje by de ferkiezingen op 21 maart 2018 sa'n acht sitten te heljen. De nije partij soe dan fuortendaliks de grutste wêze.
Fraksjefoarsitter René de Klein fan de PvdA yn Weststellingwerf sprekt fan in 'pynlik proses', om de PvdA te ferlitten. Neffens him is lykwols op lokaal nivo acht jier lang besocht om jonge minsken wer entûsjast te meitsjen foar de partij en syn útgongspunten. Dat is net slagge.
De ried fan Weststellingwerf bestiet út 21 sitten. Op dit stuit binne der al njoggen fraksjes. Mooglik wurde dat nei de ferkiezingen noch mear. De inisjatyfnimmers fan Sociaal Duurzaam Weststellingwerf meitsje har soargen oer dy fersnippering en sizze dat se dêrom de krêften bondelje wolle. Neffens De Klein binne der binnen de trije partijen kwalik ferskillen as it om stânpunten giet, allinnich in mooglike weryndieling soe foar diskusje soargje kinne. Dy diskusje is yn de ôfrûne riedsperioade lykwols al fierd en De Klein ferwachtet net dat dy wer fierd wurdt.
De ôfspraak is dat de top trije fan de kandidatelist aanst bestiet út trije ferskillende fertsjintwurdigers fan de PvdA, Weststellingwerf Natuurlijk en Vrijheid voor Allen.