Duorsumens gemeente Ljouwert yn kaart bringe

30 aug 2017 - 12:06

De gemeente Ljouwert siket húseigeners dy't yn it ôfrûne jier harren wenning duorsumer makke hawwe. De gemeente wol witte wat minsken krekt dien hawwe om harren hûs enerzjysuniger te meitsjen. Om sa ek in goed byld te krijen wat der sa al yn de stêd bart op it mêd fan duorsumens.

Dit kin wêze it pleatsten fan siichstrippen, of it isolearjen fan in spoumuorre. Minsken kinne har oanmelde fia slimwoneninleeuwarden.nl/ikbespaar. De minsken dy't har oanmelde meitsje kâns op in bysûndere luchtballonfeart op grien gas.

Trefwurden: 
duorsum Ljouwert húseigener
(advertinsje)
(advertinsje)