Priiswinners Rely Jorritsma binne bekend

30 aug 2017 - 11:49
Rely Jorritsma (1905-1952)

De literêre Rely Jorritsmapriis wurdt dit jier oan it maksimale tal ferhalen en fersen útdield. Fiif fersen en fiif ferhalen wurde elk mei tûzen euro beleanne. Yn totaal binne der 39 ferhalen en 48 fersen ynstjoerd. De winnende ferhalen binne: 'Genede, in soarte fan bûgjen' fan Geert Nauta, 'Hofkesjonge' fan Trevor Scarse, 'Guggem' fan Lida Dykstra, 'Dû smearlap' fan Geart Tighelaar en 'De oanhâldende gearspanning fan idioaten' fan Lomme Schokker. De winnende fersen binne: 'Lepus europaeus' fan Anny de Vries, 'Opgean' fan Arjan Hut, 'Foarhinne trof ik by de seedyk in goede stoel' fan Edwin de Groot, 'De brêge' fan André Looijenga en 'Drachtsterbrêge' fan Erik Betten.

By de bern binne fjirtjin ynstjoerings binnenkaam. De Junior Rely proazaprizen wurde útrikt oan 'Ik wol dy net kwyt' fan Yael Pieterson út Drachten; 'Myn meunsters yn myn hûs' fan Idwerd de Graaf út Ljouwert; en 'Minsken en bisten' fan Mike van der Veen út Sint-Anne. De moaiste fersen binne 'Hast tsjuster' fan Line Hut út Ljouwert, en 'Snie falt yn flokjes nei ûnder' fan Marije Rijpma út Itens. De winners by de juniorpriis ferpartsje yn totaal 475 euro. De priisútrikking is op sneon 30 septimber.

Trefwurden: 
Rely Jorritsmapriis
(advertinsje)
(advertinsje)