Margriet Bergstra gau útskeakele op WK judo

30 aug 2017 - 11:22

Margriet Bergstra is woansdei yn de earste ronde fan de wrâldkampioenskippen judo yn Boedapest útskeakele. De 24-jierrige Lemster ferlear yn de klasse oant 57 kilogram binne in heale minút mei ippon fan de Portugese Telma Monteiro. Earder dit seizoen waard Bergstra op it EK yn de twadde omloop útskeakele.

Trefwurden: 
judo WK Margriet Bergstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)