Sander Warmerdam yn ried fan kommissarissen Omrop Fryslân

30 aug 2017 - 11:05

Sander Warmerdam fan Langwar is dizze wike beneamd ta nij lid fan de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân. Hy folget Roeland Stekelenburg op, dy't fan 2011 oant 2016 kommissaris west hat. Warmerdam is wurksum as einredakteur fan NOS.nl by de NOS. Hjirfoar hat er wurke as redakteur foar it Radio 1 Journaal, wie er bûtenlânredakteur en hat er foar de NOS yn Washington wurke.

Foarsitter fan de ried fan kommissarissen Ton Baas is wiis mei Warmerdam. Neffens Baas is Warmerdam tige belutsen by Fryslân, wennet er hjir en praat er de taal ek goed. Benammen ek syn kunde op it mêd fan nije media slút goed oan by de ûntwikkelingen en ambysjes fan de Omrop.

(advertinsje)
(advertinsje)