Trije fertochten sjitpartij Easterwâlde frijlitten

© De Vries Media
Trije fertochten fan de sjitpartij yn Easterwâlde fan ôfrûne wykein binne frijlitten. By de sjitpartij kaam in 51-jierrige man om it libben. De trije bliuwe noch wol fertochte yn de saak. In 58-jierrige man bliuwt noch fêstsitten. Hy moat woansdeitemoarn foarkomme by de rjochter-kommissaris. It slachtoffer kaam yn de nacht fan sneon op snein by in sjitpartij yn in wenning oan de Stegingawei om it libben.