Subsydzjejild Noardlike Fryske Wâlden mooglik opnij ferdield

30 aug 2017 - 10:18

De feriening Noardlike Fryske Wâlden sil opnij sjen nei de ferdieling fan subsydzjejild foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear. De feriening krijt fan 2018 oant 2021 in nij budzjet fan de provinsje. Ut in ynventarisaasje hat bliken dien dat der mear wiete natuergebieten binne dy't yn oanmerking komme kinne foar it jild. Ek is der jild foar iepen gerslân, greidefûgelbehear en it klearmeitsjen fan gebieten foar flinters en libellen. Yn septimber binne der ferskate gearkomsten wêrby't lâneigeners ynformaasje krije kinne oer de subsydzje.

(advertinsje)
(advertinsje)