Wol of gjin aksjes yn it basisûnderwiis

Der is noch altyd gjin dúdlikheid oer de ferheging fan de leanen fan it personiel yn it basisûnderwiis. Tiisdei waard bekend dat de partijen der dochs net útkommen binne. Nei de aksjedei yn juny liken de partijen ree om mei te gean yn de easken fan it ûnderwiis, nammentlik hegere leanen en in legere wurkdruk, mar no liket dat wer fier fuort.