Tristan Bangma giet foar goud op WK parahurdfytsen

30 aug 2017 - 13:00

Twa Friezen komme dit wykein út op it wrâldkampioenskip parahurdfytsen yn Súd-Afrika. Ien fan harren is Tristan Bangma fan Donkerbroek. Op de Paralympyske Spelen fan ferline jier yn Rio de Janeiro helle hy noch in gouden medalje op de baan, no wol er foar goud gean op it WK op de dyk. "Ik ben een ander type renner geworden. Ik ben sinds Rio heel anders gaan trainen om mezelf als renner te veranderen", fertelt Bangma, dy't trochdat hy hast neat sjocht mei in piloat rydt. Sûnt de hjerst fan 2016 is dat Patrick Bos.

Tegearre ride se freed de tiidrit en snein de wedstriid op de dyk. Der falt neffens Bangma wol wat te heljen op it WK: "De concurrentie is groot, maar we hebben een goede kans om mee te doen voor de titel." It parkoers yn it Súd-Afrikaanske Pietermaritzburg is wol lêstich. "Het was iets beter geweest als het iets vlakker was geweest, maar hierop kunnen we goed uit de voeten. Er zitten twee kleine klimmetjes in en dat ligt ons wel", tinkt Bangma, dy't boppedat hopet dat it snein yn de wedstriid op de dyk in einsprint wurdt. "Daarvoor is het een mooie aankomst en hebben we een goeie kans."

Net mear wachtsje

Bangma soarget mei parahurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp en bûnscoach Eelke van der Wal foar de Fryske ynbring yn de parahurdfytsploech. As it oan Bangma leit, kin it wol alfêst freed wêze. "Ik kan niet meer wachten. Nog even goed uitrusten en dan ervoor!", sa seit de parahurdfytser fan Donkerbroek. "Wanneer het WK voor mij geslaagd is? Mijn doel is om met één of twee medailles naar huis te gaan. Het liefst met de gouden kleur."

(Advertinsje)
(Advertinsje)