Alyda Norbruis fielt gjin druk by WK parahurdfytsen

30 aug 2017 - 07:00

Twa Friezen komme dit wykein út op it wrâldkampioenskip parahurdfytsen yn Súd-Afrika. Ien fan harren is Alyda Norbruis fan Oerterp. It wurdt foar har in oar WK as gewoanwei. Trochdat it parkoers har net hiel bot leit, wurde der gjin grutte prestaasjes fan har ferwachte. "It is nei al dy jierren ek wolris noflik om net de grutte favoryt te wêzen. Ik kin einlik ek ris in kear sûnder druk fan start", fertelt Norbruis fanút Súd-Afrika.

Op de Paralympyske Spelen fan ferline jier yn Rio de Janeiro pakte Norbruis goud yn de wedstriid op de dyk. Dat is no net realistysk. "Dit is net in parkoers dat op myn liif skreaun is. Rio wie sa flak as it mar koe en dat is myn ding. Hjir is it op en ôf en der sitte in pear beste klimkes yn. Dat is no krekt wat my net leit." Norbruis rydt freedtemoarn de tiidrit en sneintemoarn de wedstriid op 'e dyk.

Oare styl

Mei de bûnscoaches, wêrûnder Eelke van der Wal fan Holwert, is Norbruis dwaande om te feroarjen kwa styl. De Olympysk kampioene wol in bettere klimmer wurde en har mear rjochtsje op de wedstriden op de dyk. "Foar dit WK komt dat te betiid. Myn doel is om de tiidrit sa út te fieren sa as ik mei de bûnscoaches ynpland ha. Ik hoopje fansels wol op it poadium, mar ik soe echt bliid ferrast wêze as dat slagget."

Tongersdei sjogge we mei Tristan Bangma fan Donkerbroek foarút op it wrâldkampioenskip parahurdfytsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)