Noed oer feiligens op wetter troch ferdwinen rêdingsbrigade

29 aug 2017 - 21:03

De frijwilligers fan de nasjonale rêdingsbrigade yn Fryslân meitsje har grutte soargen oer de feilichheid op it wetter, no't de Veiligheidsregio harren taken per 1 jannewaris 2018 oernimt. De rêdingsbrigades wurkje yn Fryslân fanút fiif stasjons, de Veiligheidsregio hat twa. De 120 frijwilligers wurde net allinnich op it wetter ynsetten, mar ek by grutte eveneminten.

De rêdingsbrigades woene graach bestean bliuwe, mar it ministearje woe de kosten net mear betelje en hat bepaald dat it wurk tenei dien wurde moat troch de Veiligheidsregio. En dy organisaasje woe de minsken fan de rêdingsbrigades net oernimme. De Veiligheidsregio giet der fanút dat de Fryske brânwachtkorpsen it wurk dwaan kinne.

Yn guon oare provinsjes binne de rêdingsbrigades wol oernaam troch de Veiligheidsregio en dêr gean dan wierskynlik de boaten fan de Fryske brigades ek hinne.

(advertinsje)