Kade by Terherne wurdt ferhege en opnij ynrjochte

De Sâltpoel by Terherne
Wetterskip Fryslân begjint yn septimber mei it ferbetterjen fan 300 meter kade by de Sâltpoel by Terherne. De kade foldocht op dat plak net mear oan de feilichheidseasken. De wetterkearing wurdt ferhege en opnij ynrjochte.
Yn jannewaris 2012 strûpte in grut part fan it midden fan Fryslân der ûnder, ek yn Terherne kaam it wetter it doarp yn. Under oare it Kameleondoarp rûn skea op troch it hege wetter. It fytspaad dat oer de kade rint, kin yn de tiid fan de wurksumheden net brûkt wurde.