Frou út Drachten mei babbeltrúk bestellen: 2000 euro kwyt

29 aug 2017 - 19:05
Pinautomaat - Foto: Omrop Fryslân

In frou út Drachten is moandeitemiddei bestellen fan hast 2000 euro. In jongeman mei in oranje hesje oan, belle by har oan mei it boadskip dat hy it wetter kontrolearje moast. De frou moast by de kraan bliuwe en hy gie it hûs yn. Hy frege ek om har telefoannûmer en makke in foto fan har id-kaart. Even letter waard se belle troch in saneamde plysje en de bank mei it berjocht dat har bankpas stellen wie. It slagge de dieders om har ek har pinkoade sizze te litten.

De frou fertroude it úteinlik net en belle de echte plysje en bank. Doe waard dúdlik dat der goed 900 euro út har hûs stellen wie en nochris 1000 euro pind wie.

Trefwurden: 
babbeltrúk Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)