Judoka Margriet Bergstra is klear foar it WK

29 aug 2017 - 19:30

Judoka Margriet Bergstra fan De Lemmer wol net witte wa't woansdei har tsjinstanner is yn de earste ronde fan it WK. Se komt foar it earst yn har karriêre út op in wrâldkampioenskip judo. "Ik hear by de warming-up wa't myn earste tsjinstanner is. Myn coaches witte it wol, mar ik wol it leaver net witte. Dan tink ik der hiel bot oer nei en dat bringt ekstra spanning mei him mei", fertelt Bergstra. Se is sûnt tiisdei yn it Hongaarske Boedapest, dêr't it WK hâlden wurdt. "Ik bin fit, ha der sin yn en myn gewicht is goed. Wat my oanbelanget kin it begjinne!"

Medalje

It heljen fan in medalje soe fansels in moaie prestaasje wêze foar Bergstra, mar it is net har haaddoel. "Ik wol der alles úthelje, sadat ik oan de ein fan it toernoai tefreden werom sjen kin. As dêr in medalje by heart, is dat allinne mar moai."

Earder dit jier debutearre Bergstra ek al op it Europeesk kampioenskip. Doe waard se yn de twadde ronde útskeakele en hie se tefolle lêst fan senuwen. Bergstra: "Ik bin der mei dwaande west om dat foar te kommen. In ferskil is wol dat ik mysels foar it EK in doel steld hie kwa resultaat. Dat doch ik no net. Dat skeelt alwer. Boppedat is it in oar nivo as op in EK. Ik hie net ferwachte dat ik hjir dit jier al stean soe. Dat is allinne mar moai!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)